Sâltfabryk Frisia yn Harns is ree gjin sâlt te winnen by Slappeterp as se langer sâlt winne meie yn Tzummearum. Dat sei deputearre Poepjes woansdei yn de steategearkomste. Se hat hjirfoar in 'ambtlik sinjaal' krigen weryn romte oanjûn wurdt om te ûnderhanneljen.

Alle steatenfraksjes en it kolleezje binne tsjin sâltwinning ûnder lân by Tsjummearum en Peins/Slappeterp. Mar de minister hat hjiroer it foech.